Ferwûnen by oanriding Harns

17 okt 2008 - 10:11

By in ûngelok tongersdei op de Zuidwalwei yn Harns binne trije minsken ferwûne rekke. De oanriding ûntstie doe't in 80-jierrige autobestjoerder út Seisbierrum rjochts ôfslaan soe. Hy seach nei alle gedachten in oare auto oer de holle en botste dêr frontaal op.

De brânwacht hat de man út Seisbierrum en syn passazjier út de auto helle. Se binne nei it sikehûs yn Snits brocht. De oare autobestjoerder is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)