Ferwûnen by kop-sturt-botsing

28 nov 2012 - 16:09
  • Kop-sturt-botsing Valeriusstrjitte Ljouwert
  • Kop-sturt-botsing Valeriusstrjitte LJouwert

Op de Valeriustrjitte yn Ljouwert binne woansdeitemiddei twa persoanen ferwûne rekke by in kop-sturt-botsing. In frachtweinsjauffeur waard mooglik ferbline troch de sinne. Hy botste dêrtroch tsjin in bedriuwsbuske foar him. De bestjoerder dêrfan tikke dêrtroch syn foarlizzer oan en dizze bestjoerder de auto wer dy't foar him stie.

De byrider fan it bedriuwsbuske is troch de brânwacht út de auto helle en mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. It ferkear op de Valeriusstrjitte rjochting it Europlein waard omlaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)