Ferwûnen by busbotsing

12 sep 2012 - 09:34

Op It Bosk yn Bitgummole is woansdeitemoarn in touringcar fan Arriva achterop in streekbus fan Connexxion botst. By de botsing rekken twa minsken ferwûne. It giet om ien fan de sjauffeurs en in passazjier.

Beide hiene nekklachten en binne foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. De botsing ûntstie trochdat de foarste bus remje moast foar in trekker. De sjauffeur fan de achterste bus seach dat te let, mooglik troch de leechsteande sinne. De passazjiers fan de streekbus binne troch in oare bus fuortbrocht. De bussen binne fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)