Ferwûnen brân deakistefabryk

31 jan 2014 - 08:48
  • It fabryk gie ein jannewaris ferlern, mar wurdt op itselde plak wer opboud.
  • Heechwurker bestiidt brân yn deaskistefabryk yn Burgum
  • Flinke reekûntwikkeling by de brân yn Burgum
  • Fan it fabryk is net in soad mear oer

Oan de Elingsloane yn Burgum is in grutte brân útbrutsen yn in deakistefabryk. Eigener fan it bedriuw, Wouter Hoogland, rekke ferwûne doe't er besocht it fjoer te blussen. Syn broer waard ek yn de ambulânse behannele. Sa no en dan binne der knallen te hearren. Dat komt troch bepaalde stoffen yn it gebou.

Meardere korpsen binne dwaande it fjoer te bestriden. Der binne ûnder oare heechwurkers ynset. Fanwege de reekûntwikkeling advisearret de brânwacht omwenners om doarren en ruten ticht te hâlden.

Der is in in NL Alert útgien yn it gebiet dêr't de brân is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)