Ferwûnen by botsing Ljouwert

14 feb 2008 - 09:59

Oan 'e Voltrastrjitte yn Ljouwert binne tongersdeitemoarn trije persoanen ferwûne rekke by in botsing tusken twa auto's. De brânwacht moast deroan te pas komme om de slachtoffers út de auto's te heljen. Alle ynsittenden binne oerbrocht nei it sikehûs.

De oarsaak fan it ûngelok is noch net dúdlik. De dyk hat yn ferbân mei it ûngelok in skoftsje ôfsluten west foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)