Ferwûnen by botsing Drachten

22 jun 2013 - 11:47
  • De kopsturtbotsing by Oerterperfallaat

By in kopsturtbotsing tusken trije auto's yn Drachten binne freed twa minsken ferwûne rekke. In 50-jierrige bestjoerder moast op Oerterperfallaat hurd remje foar auto's foar him. De bestjoerder achter him koe ek noch krekt op tiid remje, mar de 21-jierrige automobiliste út Fryske Peallen knalde al achterop de rige auto's.

Sy en har 15-jierrige passazjier binne mei nekklachten nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)