Ferwûnen by botsing Boazum

11 apr 2013 - 11:10

Op de Froonackerdyk by Boazum binne tongersdeitemoarn twa auto's mei-inoar yn botsing kaam. Ien auto kaam op de sydkant terjochte troch de klap. Beide bestjoerders binne foar kontrôle nei it sikehûs brocht.

Troch de botsing leit der in soad oalje op de dyk. Meiwurkers fan de provinsje rêde dat op, mar sa lang is ien rydbaan sletten foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)