Ferwûnen by auto-ûngelokken

05 okt 2003 - 00:00

In 22-jierrige ynwenster fan Ljouwert is sneon swier ferwûne rekke, neidat se by Blije mei har auto tsjin in bus botste. De frou waard mei swiere ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.

In 37-jierrige frou fan Frjentsjer en har dochter(9) binne sneon ferwûne rekke doe't sy mei de auto oer de kop sloegen. De bestjoerster rekke de macht oer it stjoer kwyt. Mem en dochter waarden oerbrocht nei it MCL.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)