Ferwûnen by auto-ûngelok A6

23 jun 2008 - 09:56

In man en in frou út Haren binne sneintenacht ferwûne rekke by in ûngelok op de A6 by Dunegea. De automobilist (19) woe parkearplak De_Lanen oan ´e sneldyk opride, mar ferlear op de ôfrit de macht oer it stjoer en ried tsjin in beam op.

De man kaam mei de skrik frij, syn twa passazjiers, in 19-jierrige man en in 20-jierrige frou út Haren, rekken ferwûne en moasten mei in ambulânse nei it sikehûs op It_Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)