Ferwûne by ûngelok Snits

20 feb 2006 - 11:53

In 52-jierrige autobestjoerder út Enschede is snein oerbrocht nei it sikehûs yn Snits nei in oanriding. De man ride op de krusing fan de Snitser rûnwei mei de Lemmerweg.

It slachtoffer soe troch read ljocht riden wêze. Dêrtroch feroarsake er in botsing mei de auto fan in 46-jierrige Snitser. Nei de botsing rekke de man út Enschede út de tiid. Om't er bekneld siet, hat de brânwacht him út de auto helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)