Ferwûne by ûngelok Nijhoarne

13 sep 2010 - 10:42

In noch ûnbekende frou is moandei ferwûne rekke by in ûngelok op de Bútenwei yn Nijhoarne. De frou siet yn in auto dy't tsjin in frachtwein botste. De auto kaam troch de klap op de kop te lizzen.

De frou rekke beknypt, mar is troch de brânwacht út har auto helle. Se is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De oarsaak fan it ûngelok is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)