Ferwûne by ûngelok Mullum

11 okt 2011 - 11:08

Op de N390 by Mullum is moandeitejûn in frou út Seisbierrum ferwûne rekke by in autoûngelok. De frou ferliende op de krusing mei de Haulewei gjin foarrang en botste tsjin in frou út Frjentsjer oan. De frou út Frjentsjer bedarre mei har auto yn de sleat, mar kaam mei de skrik frij.

De frou út Seisbierrum moast troch de brânwacht út har auto helle wurde. Se is mei de ferwûnings oan har foet nei it sikehûs brocht. Har 20-jierrige soan rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)