Ferwûne by ûngelok Himrik

27 jul 2012 - 18:26

In 66-jierrige man út Wynjewâld is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn it doarp De Himrik. De man ferlear op de Binnewei de macht oer it stjoer, rekke in lantearnepeal en kaam op de sydkant yn 'e berm ta stilstân. Dat wie neidat er in oare auto ynhelle hie.

De man moast troch de brânwacht út syn auto weihelle wurde. Hy is mei de ambulânse nei it universitêr sikehûs yn Grins ta brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)