Ferwûne by ûngelok Hearrenfean

27 jan 2010 - 07:49
  • De brânwacht is ynskeakele om in persoan út syn auto te befrijen

Op it klaverblêd by It Hearrenfean is woansdeitemoarn in ûngelok bard. It giet om de krusing fan de A32 en de A7. By it ûngelok binne trije auto's belutsen. Yn ien fan de auto's siet in persoan beknypt. De brânwacht is ynskeakele om dy te befrijen.

Troch it ûngelok stiet in file fan twa kilometer tusken De Jouwer en It Hearrenfean. De twa haadrydstroken binne ôfsletten, it ferkear moat oer de flechtstrook.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)