Ferwûne by ûngelok Drachten

17 aug 2014 - 16:02

By in ûngelok yn Drachten is snein in man ferwûne rekke. It giet neffens de plysje om in bekniping by in steger oan de Geelgorsstrjitte. De helptsjinsten rukten manmachtich út. Ek de traumahely waard oproppen. De traumadokter hat de man holpen.

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten brocht. Hoe't it ûngelok gebeure koe is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)