Ferwûne by ûngelok by Blesdike

12 okt 2013 - 14:45
  • Ungelok Blesdike

By in ûngelok op de Legebroekwei by Blesdike binne sneontemiddei twa minsken ferwûne rekke. De bestjoerder (34) út de gemeente Weststellingwerf wie troch ûnbekende oarsaak mei de auto yn in slip kaam en rekke trije beammen. De soan (11) fan de man siet ek yn de auto en koe der sels útkomme. Omstanners koenen de bestjoerder, dy't fêstsiet, út de wein krije. Beide slachtoffers binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)