Ferwûne by ûngelok

24 jul 2011 - 13:25

In 18-jierrige frou út Ljouwert is sneontejûn op de Sudergoawei by Parregea mei de auto oer de kop slein. By it ynheljen fan in oare auto skeat se de rjochterberm en de sleat yn. Dêrnei sloech de auto oer de kop. De frou rekke ferwûne by it ûngelok.

Yn Droegeham is sneontemiddei in 18-jierrige brommerrider út Surhuzum ferwûne rekke. Hy joech op de Buorren gjin foarrang oan in auto en botste derop. De bromfytser is mei de sike-auto nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)