Ferwûne by ûngelok

04 mrt 2009 - 08:58

In jonge fan 18 út Appelskea is tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok op de N381 by syn wenplak. De bestjoerder fan de auto dêr't de jonge yn siet rekke troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt.

De auto rekke dêrtroch yn 'e berm en fleach oer de kop. De jonge is oerbrocht nei it sikehûs. De bestjoerder en in oare ynsittende rekken net ferwûne. Ut ûndersyk die bliken dat de karre dy't achter de auto siet te swier beladen wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)