Ferwûne troch kuolfloeistof

19 jul 2010 - 09:55

In 31-jierrige man út Sigerswâld is snein ferwûne rekke oan syn gesicht doe't er pech krige mei syn auto. De man sette syn auto by Boarnsweachop de flechtstripe om't der reek út kaam. De man besleat de akkuklem derôf te heljen. Foar't er dat die ûntplofte de kuolfloeistofpomp. Hy krige de kuolfloeistof yn it gesicht.

Omstanners ha earste help jûn, de man is mei in ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht. Syn auto is fuortsleept troch in bergingsbedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)