Ferwûne troch hynder op 'e rin

26 jun 2010 - 15:11

In hynder mei in rydtúch is sneon yn Dokkum op 'e kletter rekke. It hynder skrok, bruts los en sloech op 'e rin. It bist draafde nei de rotonde fan de Lauwerseewei. De plysje en trije oaren folgen it bist en koene it stopje litte.

It lossketten rydtúch mei fjouwer ynsittenden ried troch in stek in tún yn. Twa ynsittenden waarden út de wein slingere. In man (63) en in frou (48) út Bûtenpost binne mei ferwûnings nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)