Ferwûne troch betonnen plaat

13 sep 2004 - 11:32

In 15-jierrich famke fan It Hearrenfean en in even âlde jonge fan De Gordyk binne sneontejûn ferwûne rekke doe't se in betonnen plaat op har krigen. It famke siet mei in groep fan noch sân jongeren op in dug-out yn Terwispel.

Doe't oan de efterkant in pear jongeren fan de dug-out ôfsprongen, kantele it betonnen dak. De trije dy't foarop sieten krigen de plaat boppe op har. It famke is mei ferwûnings oan de rêch en de fuotten oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)