Ferwûne by stekpartij Boerum

15 aug 2009 - 09:04

In 18-jierrige man út Boerum is yn de nacht fan freed op sneon swier ferwûne rekke by in stekpartij yn syn wenplak.

De man hie spul hân mei in echtpear út de Rosemastrjitte, letter kaam hy mei freonen werom en doe rûn de rúzje út de hân. Neffens tsjûgen hat de frou fan it echtpear de 18-jierrige mei in mes yn 'e búk stutsen. Hy flechte nei de Fogelsanghstrjitte, dêr't buertbewenners earste help ferliend hawwe. Hy is dêrnei oerbrocht nei it sikehús. It echtpear is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)