Ferwûne by sjitynsidint Bilgaardpassaazje Ljouwert

06 jul 2015 - 18:25

By in sjitynsidint oan de Bilgaardpassaazje is moandei oan de ein fan de middei in jonge licht ferwûne rekke. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht en dêr behannele oan syn ferwûnings.

De plysje is noch op syk nei de dieder. It soe gean om in donkere man fan sa'n 25 jier dy't op in fyts útnaaid is. De dieder soe noch yn it besit wêze fan in fjoerwapen. De plysje warskôget minsken om sels gjin aksje te ûndernimmen, mar om 112 te beljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)