Ferwûne by sjitterij Ljouwert

02 jun 2013 - 11:47
  • Strjitte ôfset nei sjitterij yn Ljouwert
  • Kûgelhuls op strjitte
  • Strjitte ôfset nei sjitterij yn Ljouwert
  • Strjitte ôfset nei sjitterij yn Ljouwert

By sjitterij yn de wenwyk Achter de Hoven yn Ljouwert is sneintemoarn in ûnbekende man ferwûne rekke. Hy koe sels yn it sikehûs komme. Tsjûgen melden dat út in ridende auto wei sketten wie op in oare auto. Yn beide auto's soene twa minsken sitten hawwe. Bern wiene tsjûge fan de sjitterij. De plysje trof gjin slachtoffer oan op it plak, mar wol kûgelhulzen en glês. Dêrop waard in part fan de wyk ôfset en waarden tsjûgen heard.

De identiteit fan de ferwûne man yn it sikehûs wurdt letter fêststeld. Syn ferwûnings falle ta, seit de plysje.

De plysje is noch dwaande mei it opspoaringsûndersyk, om te sjen wat der krekt bard is yn de wyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)