Ferwûne by sjitpartij Ljouwert

20 des 2003 - 00:00

By in sjitpartij yn Ljouwert is in 18-jierrige ynwenster fan Ljouwert sneontemoarn betiid ferwûne rekke. Yn in horekasaak yn de Grote Hoogstraat waard in skot lost. Bûten barde dat noch in pear kear. De 18-jierrige Ljouwerter kaam op dat stuit tafallich foarby en waard rekke yn beide fuotten.

Sy koe nei behanneling yn it sikehûs wer nei hûs. De plysje hat de skutter noch net oanhâlden en wurket mei fiif man oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)