Ferwûne by oanriding Wâldwei

22 mrt 2005 - 17:22

De Wâldwei hat fanwege in ûngelok tiisdei goed trije oeren ôfsluten west tusken Nyegea en Garyp. In 53-jierrige man út Jaarsveld rekke by it ûngelok ferwûne. De man helle yn, omdat er tocht dat er op in fjouwerbaansdyk ride. Fan de oare kant kaam in lege frachtauto en der folge in botsing.

De ferwûnings fan de man lykje ta te fallen. De sjauffeur fan de frachtauto, in man (49) út Denemarken, hie neat. De Wâldwei waard om 14.00 oere wer frijjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)