Ferwûne by oanriding Offenwier

04 aug 2008 - 10:32

In 41-jierrige automobilist út Snits is sneintejûn ferwûne rekke by in oanriding op de Kolmarslân yn Offenwier.

De Snitser passearde op in brechje mei syn auto in oare automobilist út Snits. De spegels fan beide auto's rekken elkoar dêrby en de man krige troch in iepensteand rút it glês yn it gesicht. Hy is mei ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehús fan Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)