Ferwûne by oanriding Langedike

29 sep 2014 - 10:13
  • Plysje-embleem

In 71-jierrige frou út Easterwâlde is sneintemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Steenmaasdyk yn Langedike. It slachtoffer siet by har man fan 72 jier yn de auto. Op de krusing mei de Klokhúsdyk joech hy gjin foarrang oan in 50-jierrige automobilist út de gemeente Eaststellingwerf.

De frou is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De beide automobilisten kamen mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)