Ferwûne by oanriding De Like

11 maaie 2009 - 11:56

In 39-jierrige frou út Drachten is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngemak op de A7 by De Like yn Grinslân. De frou siet as passazjier yn de auto fan in 36-jierrige Drachtster, dy 't yn in file stie.

In 21-jierrige man út Jiskenhuzen hie dat te let yn de gaten en klapte efterop de auto. Hy rekke dêrby noch trije auto's. De frou is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)