Ferwûne by oanriding

19 des 2008 - 19:49

In ynwenner fan Culemborg is freed ferwûne rekke by in oanriding yn Noardburgum. Ek syn passazjier rekke ferwûne. De twa waarden yn har auto oanriden troch in ynwenner fan Obdam. Dy seach te let dat de twa mei har auto remmen foar in stopljocht. Hy knalde dêrtroch mei syn auto op har.

De man út Culemborg moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hy en syn passazjier binne mei klachten oan 'e rêch en nekke oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)