Ferwûne by oanriding

07 des 2008 - 16:12

In 40-jierrige Drachtster is sneontemiddei ferwûne rekke by in iensidige oanriding op de N381. De man ried mei syn twa bern yn de rjochting fan Drachten, doe't er troch noch ûnbekende reden frontaal tsjin in beam yn de berm ta stilstân kaam.

De man waard troch de brânwacht út de auto befrijd en is foar ûndersyk mei in ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht. De 12- en 17-jierrige soanen kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)