Ferwûne nei botsing Winsum

27 jun 2010 - 14:26

By in oanriding op de Froonackerdyk yn Winsum is sneontemiddei in frou (84)ferwûne rekke. Se siet njonken har man (86) yn de auto. Doe't sy ôfslaan woene, krigen sy gjin foarrang fan in automobilist (35) út Wjelsryp.

It echtpear fan De Jouwer is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. Dêr die bliken dat de ferwûnings fan de man meifoelen. De frou is oan de earm ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)