Ferwûne man op 'e Lemmer

26 feb 2014 - 11:07
  • Ambulânse

Op 'e Lemmer is tiisdei in man ferwûne oantroffen yn in wenning oan de Galjoot. De plysje krige in melding dat der bloed op de ruten fan it hûs siet en trof binnen de 39-jierrige man oan. Nei alle gedachten is hy de bewenner. Hy is mei swiere ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De man is bûten libbensgefaar en wurdt ûnderfrege troch de plysje. Ek docht de plysje ûndersyk nei spoaren in it hûs en wurde de buertbewenners befrege. Tsjûgen wurde frege mei de plysje te beljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)