Ferwûne by keukenbrân

22 nov 2013 - 08:26

By in brân yn de Muntflat op It Hearrenfean is de bewenner ferwûne rekke. De man hat reek ynaseme en is foar behanneling nei it sikehûs brocht. Syn kat moast troch de brânwacht reanimearre wurde. It bist is opfong troch in bistedokter.

De brân ûntstie freedtemoarn op de alfde ferdjipping troch in friteurpanne yn de keuken. Dy hat grutte skea oprûn. De rest fan it appartemint rûn reekskea op. Omlizzende apparteminten waarden út foarsoarch ûntromme, mar dy binne net troffen troch de brân.

Foar it bluswurk waarden meardere brânwachtkorpsen ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)