Ferwûne by kettingbotsing

06 jun 2010 - 12:58

By in kettingbotsing sneon op de Oostergowei yn Ljouwert is in 59-jierrige man út de stêd ferwûne rekke. By de botsing wiene fjouwer auto's belutsen. De bestjoerders stiene foar it ferkearsljocht mei de Skrâns en joegen gas doe't it grien waard.

De achterste automobilist waard ôflaat en botste op de auto foar him. De bestjoerder fan dizze auto knalde dêrtroch wer op syn foargonger. Dy botste wer achter op in oare auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)