Ferwûne by frontale botsing

26 okt 2003 - 00:00

In ynwenster (50) fan Oerterp is sneontemiddei ferwûne rekke by in frontale botsing yn Hoarnstersweach. Se siet by in doarpsgenoat yn 'e auto, doe't se oanriden waarden troch in frou út Makkingea. Dy koe har auto net mear hâlde nei't in auto foar har remme foar in fytser.

It Oerterpster fromminske is mei pine yn 'e nekke opnommen yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)