Syktocht ferwûne fertochten

03 aug 2013 - 09:09

By in sjitpartij tusken plysjeminsken en twa fertochten sneontemoarn betiid op It Hearrenfean binne de fertochten ferwûne rekke. De plysje seach de twa yn in auto sûnder ljocht en woe se kontrolearje, mar de twa rieden op de plysjeauto yn. De plysjeminsken lutsen harren wapen en skeaten op de auto. Dy ried hurd fuort oer it yndustryterrein en waard even letter sûnder de fertochten weromfûn. De auto siet ûnder it bloed.

It yndustryterrein Hearrenfean-Súd is útkjimd op syk nei de ferwûne fertochten, dêrby waard ek de plysjehelikopter ynset.

De plysjeminsken rekken net ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)