Ferwûne en asbest brân Terbant

10 sep 2008 - 06:27
  • De brân ûntstie hjir (foto Alex Zwart)

By in brân yn in garaazje by Terbant is tiisdeitejûn asbest frijkommen. De brân is miskien ûntstien troch laswurksumheden oan in benzinetank. De eigner wie op dat stuit yn de garaazje oan it wurk en is mei brânwûnen nei it sikehûs brocht. De skea wurdt rûsd op 100.000 euro. De brân wie nei in heal oere ûnder kontrôle en doe wie de garaazje hielendal útbrând.

Der wie in soad reek, mar de omwennenden rûnen neffens de brânwacht gjin gefaar. It asbest wurdt oprêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)