Ferwûne by eksploazje op boat

04 okt 2010 - 12:37
  • De brânwacht fan Boarnsterhim makke it fjoer út (foto Jaap Anema, 112 Nederlân)

By in eksploasje op in boat yn Grou is moandei in man ferwûne rekke. De tsien meter lange boat lei oan de Oedsmawei. Nei alle gedachten is der op de boat in gasflesse ûntploft, wêrtroch krekt is noch net dúdlik.

De man dy't ferwûne rekke, wie op de boat oan it wurk. Hy rekke ferwûne oan syn earm en is behannele yn it sikehûs. Troch de eksploazje ûntstie in útslaande brân op de boat, wêrby't in soad reek frijkaam. De boat is flink skansearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)