Ferwûne by Drachtsterkompenije

28 jun 2011 - 10:41

In frou fan 40 en har njoggenjierrige dochter út Drachten binne moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn Drachtsterkompenije. De twa krigen yn har auto gjin foarrang fan in 31-jierrige automobilist út Koatstertille.

Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat syn rydbewiis earder dit jier al ûnjildich ferklearre wie en dat er dêrom net ride mocht. De frou en har dochter moasten nei it sikehûs brocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)