Ferwûne by brân Turns

11 apr 2008 - 20:43
  • (foto: Jaring Rispens)

In ynwenner fan Turns is freed nei it sikehûs rekke omdat er reek ynademe hie by in brantsje yn in biogas-ynstallaasje yn syn wenplak. Twa ynstallateurs wiene dwaande om in lieding oan te lizzen tusken de mestsilo en de fergister. Dêrby fleach de boel yn 'e brân.

It fjoer sloech oer nei de silo's. In buerman hat holpen de brân út te meitsjen. Dêrby krige er reek binnen. Yn de silo's siet noch gjin gas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)