Ferwûne by brân Dronryp

14 des 2007 - 09:45

By in brân yn in wenning oan de Puoldyk yn Dronryp is tongersdeitejûn in 31-jierrige bewenner ferwûne rekke. Hy moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De oare trije bewenners, ûnder wa twa lytse bern, kamen mei de skrik frij.

De brân wie ûntstien yn de skoarstien fan it hûs. Fan dêrút hie it fjoer him ferspraad nei de boppeferdjipping. Op de souder ûntstie skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)