Ferwûne by botsing tusken fyts en scooter op It Hearrenfean

20 aug 2015 - 19:08

Op de Alde Feanskieding op It Hearrenfean is tongersdeitejûn in jonge ferwûne rekke by in oanriding tusken in scooter en in fytser. It slachtoffer siet achterop de scooter en droech gjin helm.

Hy foel troch de botsing op strjitte en kaam op syn holle telâne. De jonge is op it plak fan it ûngelok behannele troch it ambulânsepersoniel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)