Ferwûne by botsing tsjin beam

21 aug 2008 - 09:58

In man fan 83 jier út Lúkswâld is woansdei op De_Opslach yn syn wenplak mei syn auto tsjin in beam botst. Nei alle gedachten is er ûnder it riden net goed wurden.

De man is troch persoaniel fan de traumahelikopter op it plak fan it ûngelok ûndersocht en dêrnei mei de ambulânse nei it sikehûs op It_Hearrenfean brocht. Hoe slim er deroan ta is, is net net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)