Ferwûne by botsing tsjin beam

17 apr 2013 - 14:03

In man fan 21 jier út Wynjewâld is woansdeitemoarn licht ferwûne rekke, omdat hy mei syn auto tsjin in beam ried. De man ried yn de auto oer It Súd en ferklearre dat er de kop der even net goed by hie. Dêrtroch rekke er fan de dyk en botste tsjin in beam. De auto stuitere werom op 'e dyk.

De bestjoerder is mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)