Ferwûne by botsing trekker

12 okt 2012 - 14:18
  • bus-trekker

By in ûngelok op de Mandewyk by Waskemar is freedtemiddei ien persoan ferwûne rekke. It giet om de bestjoerder fan in trekker, dy't troch ûnbekende oarsaak yn botsing kaam mei in bus. De man bedarre yn it wetter, mar koe dêr troch omstanners úthelle wurde. Hoe slim er deroan ta is, is noch net bekend. Neffens de plysje sieten der gjin minsken yn it bus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)