Ferwûne by botsing mei trekker

25 okt 2013 - 10:50
  • De Weeme by Aldeberkeap

In 71-jierrige automobilist fan It Hearrenfean is tongersdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding. De bestjoerder kaam troch noch ûnbekende oarsaak op de dyk De Weeme yn Oldeberkeap yn botsing mei in trekker.

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. Buro Ferkearsûngefal-analyze docht ûndersyk nei de oanriding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)