Ferwûne by botsing Jirnsum

30 mrt 2009 - 09:56

In 73-jierrige frou út Jirnsum is snein ferwûne rekke nei't se yn 'e auto mei har man frontaal op in oare wein klapt wie.

It echtpear ried op de Grousterdyk yn Jirnsum. De man siet achter it stjoer en naam foarrang by in dykfersmelling. De bestjoerder fan 'e oare auto, in 33-jierrige man út Raerd Boarnsterhim, joech him dy foarrang net. Dêrtroch klapten de auto's frontaal op elkoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)