Ferwûne by botsing fytsers

08 okt 2008 - 10:19

By in oanriding tusken twa fytsers op de Skrâns yn Ljouwert is tiisdeitemiddei in 60-jierrige frou út Ljouwert ferwûne rekke. De oanriding ûntstie doe't in 12-jierrige fytser út Ljouwert de Skrâns oerstekke woe en dêrby de frou oer de holle seach. De frou kaam nammentlik achter in auto wei.

De jonge koe op tiid ôfstappe, mar de frou foel mei har fyts. Mei ferwûnings oan holle en heup is se mei de ambulânse nei it sikehús brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)