Ferwûne by Bitgum

29 nov 2010 - 21:58
  • Foto: Robertjan Boonstra

By in oanriding op de Berltsumerdyk yn Bitgum is in 21-jierrige man út Drylts ferwûne rekke. Hy ried mei syn auto tsjin in frachtauto oan dy't fan de oare kant kaam. Troch de oanriding rekke de dieseloaljetank lek en giene fjouwer bannen fan de frachtwein stikken.

De autobestjoerder moast mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert. Helptsjinsten hawwe de oalje opromme. Nei de oarsaak fan de oanriding is in ûndersyk geande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)